Teddybeare-aksje SC Hearrenfean smyt 230.000 euro op

26 okt 2020 - 09:47

Yn noch gjin 24 oeren tiid wiene alle KiKa-bearen, dy't sneon taskôger wienen by de wedstriid SC Hearrenfean tsjin FC Emmen, ferkocht. Mei in opbringst fan mear as 230.000 euro foar it goeie doel, is de aksje in grut sukses te neamen.

Foto: ANP Foto

Yn it Abe Lenstrastadion sieten sneontejûn gjin supporters om de beide ploegen oan te moedigjen, mar 15.000 teddybearen. Mei dizze symboalyske aksje fregen Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa), SC Hearrenfean en genêsmiddelenbedriuw MSD omtinken foar bern dy't kanker ha. It getal fan 15.000 is it oantal bern yn Nederlân dat kanker hat of de slimme sykte oerlibbe hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)