Kollum: "Katten en mûzen"

26 okt 2020 - 08:15

"By it hûs kaam ek in kat. Lokkich mar, want by it hûs kamen ek mûzen, tûzenen. We fûnen it frjemd dat Moes, sa hjitte de kat, nea brokjes iet. Doe't se dea wie, snapten we werom. Dat wie trouwens ek wer in ferhaal op himsels. Leave Moes hie in te grut hert. De bistedokter hie selden sa'n grut hert sjoen en joech har net lang mear. Mar Moes hat noch in jier lang mei wat pillen troch it foer in fredich libben hân. Enfin, doe't se dea wie, snapten we wêrom't se nea gjin brokjes iet.

Foto: Janneke de Haan

De toan fan Janneke de Haan

Binnen in pear wiken dûnsen de mûzen nammentlik net op 'e tafel, mar yn polonêze troch de hiele tún. Benammen de grientetún. Alles waard opfretten, oant de reade pipers ta. Der wiene sels plantsjes dy't by it sjen dernei gewoan omfoelen. De mûzen hiene hiel stikem de woartels stikken biten. Se sieten ek yn 'e kelder. Neist de salamanders, dy't der ek wenje. Ferskate kearen ha ik gild, om't der wer ris earne in mûs ûnderwei sjitten kaam.

Dit koe sa net langer. Wy misten Moes. Der moast in nije Moes komme. Ja, in lyts poeske! It waard in hiel lyts swart pluzeboltsje. Puk, neamden we har. 'Moat dat achter de mûzen oan', tocht ik. It wie amper sels grutter as in mûs.

We koene it dan ek hast net leauwe, de earste dei dat Puk nei bûten mocht, hat se fuortendaliks trije mûzen fongen. En dêrnei elke dei wer. Mar de mûzen wienene sels foar Puk mei tefolle. Noch mar in kat dus. Ja, leuk in mantsje, want dan kinne we in nêstje meitsje!

Doe kaam Spikkel. Mei syn Siperske facht mei lytse stipkes. Spikkel, dy't sa leaf en lyts wie dat hy de hiele dei achter my oan rûn. Op in stuit wenne hy by my yn 'e trui. Ik sil dy sizze, dat skept in bân. Hy wie nea wer by my wei te slaan.

Ek Spikkel wie kampioen mûzefangen. En eins ha ik ek nea wer ien sjoen. No ja, net in libben eksimplaar dan. It is in wier slachfjild. Spikkel en Puk raceden troch de tún. Elk mei in mûs yn 'e bek. It gie need. It hat wolris sa west dat Spikkel in mûs fong. Eddy, ús Border Collie, him ôfpakte en úteinlik de hin dermei fuort fleach. Hinnen moast ek net ûnderskatte. Se stamje ôf fan de dinosaurussen en dat is te sjen. Wjirms, kikkerts en dus ek mûzen.

Doe't we op fakânsje wiene, krigen we in appke fan heit en mem dy't op de bisten pasten. 'Jim krije ek jong katten', appte heit. En hy gong fierder: 'Spikkel hat Puk alle hoeken fan 'e keamer sjen litten'.

In nêstje lytse poeskes! Myn freon en ik wiene út 'e skroeven. We hawwe de hiele camping by elkoar joecheid! Hoe't it úteinliks kaam mei it nêstje? Dat komt in oare kear.

(Pssst, it binne der fiif. Ferklap ik alfêst.)"

(Advertinsje)
(Advertinsje)