Liveblog | 26 oktober 2020

Coronanijs 26 oktober: boargemasters wolle wachtsje mei aksje

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 27 oktober 2020, 06:16
21:19

App-melding

Yn rom twa wiken tiid hawwe ûngefear 14.000 minsken dy't de CoronaMelder app brûke, fia dizze app oanjûn dat se besmet binne mei it coronafirus. Dat sei soarchminister Hugo de Jonge moandei yn de Earste Keamer by it debat oer de coronawet. Yntusken hawwe 3,5 miljoen minsken de app download op harren mobyltsje.
20:21

Boargemasters wolle wachtsje

De measte boargemasters fan de 25 feilichheidsregio's wolle de coronasifers de kommende dagen noch eefkes ôfwachtsje foar't der strangere maatregels trochfierd wurde moatte. Dat seine se oan it begjin fan it Veiligheidsberaad op moandeitejûn yn Utrecht.
Boargemaster Jan van Zanen giet mei mingde gefoelens de gearkomste yn. De soarch yn syn regio Haaglanden kampt mei in kapasiteitsprobleem. "Niet alleen in het aantal bedden, maar ook in het personeel. Ik hoop dat de ziekenhuizen het onderling kunnen regelen, maar zo niet dan dring ik bij het kabinet aan op strengere maatregelen", seit Van Zanen.
Boargemaster Paul Depla fan Breda seit dat "we even moeten zien hoe het balletje rolt, anders moeten we echt strenger worden." Boargemaster Annemarie Penn-te Strake "houdt de adem in", en fynt dat der noch ien as twa dagen wachte wurde moat mei nije maatregels, ôfhinklik fan de coronasifers. As dy oprinnen bliuwe "moeten we vol erop met draconische maatregelen", sa seit de boargemaster fan Maastricht.
17:06

Wethâlder posityf test

Wethâlder Mariska Rikkers-Oosterkamp fan de gemeente Weststellingwerf is posityf test op it coronafirus. Se hat milde klachten, en it giet nei omstannichheden goed mei har. De wethâlder wurke thús, en se is fan freed ôf yn thúskarantêne gien fanwege klachten. De kommende tiid sil se yn karantêne bliuwe om fierdere besmetting foar te kommen.
15:55

Nije boargemaster online beëdige

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge sil woansdei 28 oktober online beëdige wurde. Gewoanwei soe der in spesjaal momint fan makke wurde yn de Westertsjerke, mar dat kin fanwege de coronakrisis net. "Ik had graag iedereen persoonlijk ontmoet", seit Van de Pol. "Maar onze gezondheid staat voorop". De beëdiging is dêrom no yn it gemeentehûs, mar dan sûnder de ried. Dy sit thús fia in livestream.
De nije boargemaster komt ynkoarten mei in fideoboadskip oan de eilanners, om harsels foar te stellen. Dêrneist komt der in digitaal sprekoere, en sil se yn lytse selskippen ynwenners en ûndernimmers moetsje.
15:23

'Tiisdei gjin nije maatregels'

It kabinet kundiget tiisdei nei alle gedachten gjin nije, yngripende maatregels oan om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. Dat meldt it ANP. Neffens boarnen komt der dan ek net in parsekonferinsje fan in oere, lykas de ôfrûne moannen as it kabinet maatregels oankundige of ferromme.
Wol komme premier Mark Rutte en coronaminister Hugo de Jong mei in koarte ferklearring, en sille se de parse te wurd stean.
It kabinet hie snein in oerlis op it Catshûs oer de coronakrisis. Nei dat oerlis wiene der al lûden dat de mooglike effekten fan de hjoeddeiske maatregels dy't hast twa wiken lyn oankundige waarden, pas letter yn de wike sichtber wêze sille. It kabinet wol dêrom noch even wachtsje foardat der definityf besletten wurdt oer nije maatregels, sizze Haachske boarnen.
15:17

Ek ûndernimmers hawwe soargen oer coronakrisis yn MBO

De twa wichtichste wurkjouwersorganisaasjes, MKB-Nederland en VNO-NCW, makken harren soargen oer de gefolgen fan de coronakrisis foar mbo'ers. "Het is niet alleen heel vervelend voor de jongeren die het betreft, het gaat hier ook om onze toekomstige medewerkers. De kwaliteit van het onderwijs is cruciaal, jongeren moeten hun studie op de juiste manier kunnen afronden", litte se tegearre yn in ferklearring witte.
De twa organisaasjes diele dêrmei de de soargen fan de MBO Ried en fan Frank van Hout fan ROC Friesland College. Neffens de koepelorganisaasje is it by praktykfakken dreech om de ferplichte oardel meter ôfstân te hâlden. Boppedat hawwe de studinten te min staazjeplakken.