Stevinslûzen by Den Oever heal jier ticht foar skipfeartferkear

26 okt 2020 - 07:04

De Stevinslûzen yn de Ofslútdyk by Den Oever binne fan moandei ôf in heal jier lang ticht foar it skipfeartferkear. Yn dy tiid wurket Rykswettersteat oan in kearslûs, dy't de besteande skutslûs beskermje moat. Al it skipfeartferkear moat dêrom de Lorentzslûs by Koarnwertersân brûke.

Foto: ANP Foto

Lukas Meursing fan Rykswettersteat leit út wêrom't dizze nije kearslûs nedich is. "We zijn bezig om de gehele Afsluitdijk te versterken, dus de dijk maar ook alle sluizen. Dat doen we door er een keersluis voor de schutsluizen te bouwen, die een grote storm kunnen tegenhouden. Normaal staan deze keersluizen open, maar met hoogwater of storm kunnen we ze sluiten."

Seis moannen ticht

Rykswettersteat ferwachtet dat de bou fan de earste nije kearslûs by Den Oever sa'n healjier yn beslach nimme sil. Yn dy tiid kin der gjin skipfeartferkear troch de Stevinslûs hinne. Dêrom is dizze slûs 6 moannen ticht. "Schepen kunnen gebruik maken van de Lorentzsluis bij Kornwerderzand", fertelt Meursing. "Hier zal het iets drukker worden, maar doordat we de sluis bij Den Oever niet gebruiken zal het verkeer hier voordelen van ondervinden."

Wurk yn de winter

Om minsken op it wetter sa min mooglik te steuren, hat Rykswettersteat der foar keazen om it wurk oan de nije slûs yn de winter út te fieren. Dat makket de opdracht lykwols wol dreger, wit ek Meursing. "Voor de bouw is het niet ideaal om beton te storten in de winter. Maar we hebben er bewust voor gekozen om de recreatievaart in de zomer te ontzien."

Bredere kearslûs

Ek oan de Fryske kant is Rykswettersteat begûn mei de tariedings foar de oanlis fan in kearslûs foar de Lorentzslûs. Dizze kearslûs wurdt folle breder as de kearslûs by Den Oever. Dêrmei hâldt Rykswettersteat rekken mei de útkomsten fan de diskusje oer it breder meitsjen fan de Lorentzslûs by Koarnwertersân. Provinsjes, gemeenten en bedriuwen om de Iselmar hinne, wolle dat graach. Dat soe in soad wurkgelegenheid opsmite. Om't de kearslûs by Koarnwertersân breder wurdt, kin it skipfeartferkear hjir ûnder it wurk langer trochfarre.

It autoferkear sil neffens Rykswettersteat sa goed as gjin hinder fan de wurksumheden ûnderfine.

Lukas Meursing fan Rykswettersteat

Mear ynformaasje oer de stremming by Den Oever is te finen op www.deafsluitdijk.nl en op de webside fan Rykswettersteat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)