Hûzemerk Skylge sit op slot: "Ze kapen huizen voor je neus weg"

26 okt 2020 - 06:28

De huzemerk fan Skylge sit noch hieltyd op slot. De gemeente besiket mei ferskate maatregels it probleem op te lossen, mar is noch net genôch. Benammen it keapjen fan in hûs op Skylge is foar jongerein sawat ûnmooglik.

Foto: Omrop Fryslân

Noie Winkel en syn freondinne Anne Roos rinne al twa jier tsjin it huzekrapte-probleem oan. Noie is 29 jier en wurket by Strandpaviljoen De Branding, by Midslân oan See. Yn de takomst nimt hy de strântinte oer fan syn skoanâlden. Dêrom is it foar him wichtich om in hûs te finen op it eilân. "Wat het lastig maakt is dat de laagste prijs voor een huis rond de drie ton ligt", fertelt Noie. "En voor die prijs kan je er ook nog niet gelijk in. De verhoudingen zijn heel scheef."

De prijs voor dat huis liep zo uit te klauwen, dat bedrag was voor ons onmogelijk.

Noie Winkel, eilânbewenner

It stel wennet no yn in sjalet en yn de winter kinne se yn it hûs fan de âlden fan Anne Roos. Mar om it heal jier ferhúzje is seker net ideaal. Yn dy twa jier dat se sykje nei in hûs, is der mar ien hûs foarby kaam dêr't it stel in bod op dien hat. "Maar de prijs voor dat huis liep zo uit te klauwen, dat bedrag was voor ons onmogelijk. Ze kapen het voor je neus weg."

Prizen as yn Amsterdam

Makeler Arie van Keulen ken dit probleem. "De prijzen die hier gelden, die betaal je ook in Amsterdam. Maar dit is een probleem wat veertig of vijftig jaar geleden ook al speelde. Vroeger werd het opgelost door bij je ouders te blijven wonen, maar dat gebeurt niet meer."

De gemeente hat op dit stuit wol de regeling dat minsken fan de fêste wâl gjin huzen keapje meie ûnder de 450.000 euro. En dat bedrach wurdt mooglik ferhege nei 600.000 euro. Sa is der mear kâns foar de eilânbewenners. Mar neffens de makeler is dit gjin oplossing foar it probleem. Op dit stuit stean der 16 wenhuzen te keap op Skylge. Dêrfan binne der trije ûnder dy grins fan 450.000 en de goedkeapste is 289.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân

Ek it hieren fan in hûs is dreech op it eilân. De jongerein dy't Omrop Fryslân sprutsen hat, jout oan dat ien minimaal acht jier ynskreaun stean moat om kâns te meitsjen op in sosjale hierwenning. Dêrom hienen Arjen Timmers en syn frou Arina ek gjin kâns op sa'n wenning. Yn april is harren jonkje Guus berne en stienen se beide net lang genôch ynskreaun.

"In alle nood moesten we toen een woning zoeken, dat is wel gelukt via een particulier", fertelt Arjen. It is slagge. Se wenje no mei syn trijen yn in foarhûs fan in buorkerij yn Hoorn. It is lyts en tydlik, mar it is te dwaan.

Twongen nei de fêste wâl

Elk jier wurdt opnij besjoen of se yn it hûs wenjen bliuwe kinne. Se ha dêrom nea wissigens en it leafst wolle se dêrom wat keapje. Arjen wurket krekt as Noie by de Branding en is ferbûn oan it eilân.

De kans wordt steeds groter dat we naar de vaste wal moeten.

Arjen Timmers, eilânbewenner

Arjen wennet al alve jier op Skylge, mar ferhúzje nei de fêste wâl wurdt hieltyd mear realiteit. "Mijn vriendin en ik willen samen kopen, maar dat is voor ons geen optie. Die bedragen kunnen we nooit betalen. De kans wordt steeds groter dat we naar de vaste wal moeten."

Arjen is lang net de iennige. Yn de lêste jierren binne der in soad jongeren twongen om nei de fêste wâl te gean. Dit sjochst ek werom yn de hoareka, seit Noie. "In 2013 kwam grootste gedeelte van hun personeel van het eiland, maar nu niet meer." No komt it personiel foaral fan de fêste wâl.

Foto: Omrop Fryslân

In oplossing foar it hûzen probleem is mear nijbou. Dat is sûnt dit jier ek makliker foar partikulieren. Se kinne dan in twadde hûs op it hiem sette. Melkfeehâlder Rinke Mier hie dêr grutte plannen foar. Hy woe op in stik lân fiif wenningen delsette, mar hy koe der net útkomme mei de gemeente.

Untmoedigingsbelied gemeente

"Wat de gemeente wol dat kinst hast net foar inoar krije", seit de melkfeehâlder. Ien fan de betingsten fan de gemeente is dat de nijbouhuzen net djoerder wurde meie as 275.00 euro en de wenoerflakte fan it hûs mei net grutter wêze mei as 100 fjouwerkante meter. Mier: "Sa'n hûs is bedoeld om der lange tiid te bliuwen. Mar as it sa lyts is, kin dat eins net. En as je foar dizze priis in hûs bouwe moatte, sette je gelyk alle boubedriuwen op it eilân bûtenspul. Want hjirfoar kinne sy it net bouwe. Dan moat der in boubedriuw fan de fêste wâl komme."

Mier hat dêrom it plan foar fiif huzen foarearst farre litten en is no dwaande om in grutter hûs te bouwen op it eigen hiem. Dêr komt hy sels yn te wenjen. Dan kin syn soan, dy't by him op it bedriuw wurket, yn syn hûs wenje. Sa ha syn trije bern yn elk gefal in plakje op it eilân.

Harkje nei de reportaazje fan Gerrit de Boer

Lês ek it ferhaal fan Christa Oosterbaan, fraksjefoarsitter PvdA op Skylge oer de wenningkrapte. Neffens har besiket de gemeente in hiel soad te dwaan om dit op te lossen, mar soarget de provinsje foar in beheining op de bou fan mear hûzen.

Trefwurden: 
Skylge huzemerk wenningkrapte
(Advertinsje)
(Advertinsje)