VV Hurdegaryp siket dieders fan fernielingen en ravaazje op sportpark

By VV Hurdegaryp binne sneontejûn mei fjoerwurk fernielingen oanrjochte oan it keunstgersfjild. Dêrneist wie der in ravaazje fan ûnder mear drank- en frisdrankflessen efterlitten op it sportpark.
Fernielingen op sportpark VV Hurdegaryp
De feriening is yn it besit fan kamerabylden. It bestjoer jout minsken dy't sneontejûn nei 20.00 oere op it sportpark wiene de kâns harren sels te melden by it bestjoer. Minsken dy't ynformaasje hawwe oer de fernielingen kinne harren ek melde by it bestjoer.
Fernielingen oan it keunsgersfjild © Facebook: vv Hardegarijp
Foarsitter VV Hurdegaryp