Judoka Natascha Ausma pakt brûns op grand slam yn Boedapest

Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen hat in brûnzen medalje oerholden oan de grand slam yn Boedapest. Yn de klasse oant 78 kilogram fersloech de 24-jierrige judoka Aleksandra Babintseva út Ruslân yn de golden score mei ippon.
Judoka Natascha Ausma pakt brûns op grand slam yn Boedapest
Ausma hie nei oerwinningen op de Poalske Paulina Diaopa, de Portugeeske Patricia Sampaio en Anastasija Toerchin út Oekraïne de heale finalen helle. Dêryn ferlear se fan de Frânske Audrey Tcheumeo, dy't letter it goud pakte. Yn de striid om it brûns wie it lang spannend, mar fersloech se de Russin dy't yn de herkânsingen earder wûn hie fan Karen Stevenson.