50PLUS wol dat Provinsjale Steaten net mear fysyk fergaderje

25 okt 2020 - 17:21

Mei de coronasifers fan no is it net ferantwurde dat Provinsjale Steaten fan Fryslân noch fysyk byinoar komme. Dat seit steatelid Theun Wiersma fan 50PLUS. Wiersma hat de steategearkomste fan ôfrûne wike thús yn Drachten digitaal folge. Hy koe dêrtroch net meidwaan oan it politike debat, mar wol meistimme oan de ein fan de gearkomste.

De steategearkomste fan oktober yn de kommisjeseal ûnder yn it Provinsjehûs. 50PLUS wie hjir net by. - Foto: Omrop Fryslân

Wiersma fynt dy gong fan saken minder demokratysk. "Ik kin sa it lûd fan de minsken dy't ik fertsjintwurdigje, de 50-plussers, net klinke litte. Dat betsjut dat de Fryske demokrasy yn 'e knipe komt. De iennichste manier om dy stim hearre te litten wie troch in risiko te nimmen mei de eigen sûnens. Ik fyn dat je dat fan net ien freegje meie."

50PLUS wol dêrom dat de provinsje wer gau oerstapt op digitale gearkomsten foar alle Steateleden, lykas ôfrûne maitiid. Fysyk fergaderje, sa't de steaten ôfrûne woansdei diene, fynt Wiersma net feilich. Provinsjale Steaten fergaderje sûnt in skoft net mear yn de histoaryske steateseal, mar yn de folle gruttere kommisjeseal ûnder yn it provinsjehûs.

Kofje-apparaat

Likegoed belibbet Wiersma de gearkomsten as net al te feilich. "As je ienkear sitte, kinne je dy oardel meter ôfstân wol hâlde. Mar by in skorsing of skoft fljocht elkenien tagelyk nei it kofje-apparaat of de doar. Je sitte ek allegearre oan deselde trepleuning en dat is no ienkear in risiko yn dizze tiid."

It Presidium - dat is it oerlis fan alle fraksjefoarsitters - praat no woansdei oer it foarstel fan 50 Plus om foarearst allinnich digitaal te fergaderjen.

Steatelid Theun Wiersma fan 50PLUS

(Advertinsje)
(Advertinsje)