Danny Noppert ûnderút yn kwartfinale op International Darts Open

Darter Danny Noppert fan De Jouwer is sneintejûn útskeakele yn de kwartfinale fan it International Darts Open yn it Dútske Riesa. De Ingelskman Michael Smith (nr. 4 fan de wrâld) wie mei 6-1 te sterk.
Danny Noppert op in oar toernoai © www.orange-pictures.nl
Op freed wie Noppert, dy't 22e stiet op de wrâldranglist, yn de earste ronde mei 6-1 te sterk foar de Dútser Sebastian Pohl. Op sneon wie de twadde ronde mei in 6-3 oerwinning tsjin de Ingelskman Adrian Lewis (nr. 19) in proai foar Noppert.
Noppert wie earder op snein yn de tredde ronde mei 6-2 te sterk foar de Ingelskman Scott Baker (nr. 72).