Ynwenners Warten starte petysje tsjin betsjinning op ôfstân fan doarpsbrêge

25 okt 2020 - 16:04

Ynwenners fan Warten binne in petysje start tsjin it plan om de brêge fan it doarp op ôfstân betsjinje te litten. Neffens harren giet dat ta koste fan it 'doarpse karakter'.

Foto: Google Streetview

Neffens de inisjatyfnimmers fan de petysje moatte der foar it nije plan mêsten fan fyftjin meter heech pleatst wurde, komme der lûdsprekkers en mikrofoanen en moatte der by de oanmeldpeallen wachtstegers pleatst wurde. Dat fine se in te grutte yngreep yn it doarpskarakter.

Se freegje de gemeente Ljouwert dêrom om opnij nei te sjen nei it beslút om Warten op te nimmen yn it projekt. De petysje is op dit stuit 470 kear ûndertekene.

Trefwurden: 
brêge petysje Warten
(Advertinsje)
(Advertinsje)