LDODK wachtet op start Kuorbal League

25 okt 2020 - 15:52

De kuorballers fan LDODK soenen dit wykein útein sette mei de sealkompetysje mei de útwedstriid tsjin Blau Wyt Amsterdam. Mar de Kuorbal League is fanwegen coronamaatregels foarearst útsteld. It is ûnwis wannear 't de tolve League-ploegen los kinne. Mooglik wurdt de kompetysje fanwegen de tiid opsplitst yn twa pûls fan seis teams.

Jan Sjoerd Pool is âld-trainer/coach fan LDODK en op it stuit bestjoerslid Technyske Saken. Hy sjocht mooglikheden om dochs yn sealkompetysje te spyljen:

LDODK wachtet op start Kuorbal League

By de thúswedstriden fan LDODK komme gemiddeld tûzen taskôgers yn sporthal Kortezwaag op 'e Gordyk. Oer in seizoen rekkene leveret dat oan entreejild inkelde tsientûzenen euro's op. Sûnder publyk rint de feriening in soad ynkomsten mis. Lokkich binne de sponsoren loyaal en kin de klup foarearst noch de eigen broek ophâlde.

Kuorbal League opsplitse yn pûls

It ôfrûne seizoen is de kompetysje yn maart ôfbrutsen fanwegen de earste coronagolf. Boppedat binne de twa kampioenen fan de haadklassen taheakke oan de Kuorbal League. Dat betsjut foar dit seizoen foar ien kear op it heechste nivo 12 teams útkomme.

Dêrtroch duorret de sealkompetysje lykwols 4 ronden langer. Om tiid te winnen soe der dit seizoen foar keazen wurde kinne om de Kuorbal League te ferdielen yn twa pûls fan seis teams. Yn dat gefal spilet elke ploech 10 wedstriden ynstee fan 22. As der dan bygelyks yn jannewaris wer spile wurde mei, kin der dochs in koartere kompetysje ôfwurke wurde. Dêrnei kinne dan de nûmers ien en twa fan elke pûl fia krúsfinalen mooglik dochs noch om de sealtitel stride.

LDODK makke yn 2012 har debút yn de Kuorbal League. De Gordyksters spilen doe thús tsjin Blau Wyt Amsterdam. De Amsterdammers wiene it jier dêrfoar finalist en kamen dus as grutte favoryt nei Fryslân. LDODK soarge lykwols foar in daverjende ferrassing troch mei 22-18 de punten yn De Gordyk te hâlden.

Hjirûnder de reportaazje yn "Boppeslach" fan de stunt yn novimber 2012:

Debút LDODK yn Kuorbal League 2012

(Advertinsje)
(Advertinsje)