Iepenloftspul Dronryp siket akteurs foar nij histoarysk stik

25 okt 2020 - 15:15

It iepenloftspul fan Dronryp siket foar it stik yn 2021 manlju tusken de 18 en 35 jier. Se spylje in stik oer de fusillade yn it doarp, in teatrale fiksje en non-fiksje ynterpretaasje oer de eksekúsje op boargers en fersetsminsken op 11 april 1945.

Foto: Iepenloftspul Dronryp

Dat wie by de Rypster brêge. It giet ek oer wat him fierder dizze perioade yn en rûnom Dronryp ôfspile hat.

Regisseur Theo Smedes siket noch entûsjaste manlju. Opjaan kin troch in mail te stjoeren nei ynfo@iepenloftspuldronryp.frl.

Trefwurden: 
Iepenloftspul Dronryp spilers
(Advertinsje)
(Advertinsje)