RIVM: 103 nije besmettingen yn Fryslân; gjin nije stjergefallen

25 okt 2020 - 14:29

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 103 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 53 minder as sneon, doe wiene it der 156.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel 0 nije stjergefallen meld, wol wie der ien sikehûsopname.Yn Ljouwert gie it om 21 besmettingen, yn Súdwest-Fryslân 14 en yn De Fryske Marren 10.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)