Dolfyn dy't yn maaie yn Harns swom, is yn Denemarken sjoen

De streepte dolfyn dy't ein maaie yn de haven fan Harns omswom, is in moanne lyn yn Denemarken sjoen. Nei it ferlykjen fan byldmateriaal fan it bist die bliken dat it om deselde gie.
De dolfyn yn de haven fan Harns © Sylvia Binch-Talma
It bist strâne ein maaie yn de havenkom fan Harns, mar waard troch omstanners wer it wetter ynholpen. Dêrnei hat de dolfyn in skoft yn de buert fan de Fryske havenstêd omswommen. Op 4 juny waard er foar it lêst sjoen by Koarnwertersân.
Ein septimber waard by de havenstêd Skagen, yn it noardlikste puntsje fan Denemarken, wer in streepte dolfyn sjoen. Der waard byldmateriaal sammele en doe die bliken dat it om deselde gie as yn Harns.
Hy waard herkend omdat hy in bytsje skansearre wie op it topke fan de rêchfin en opfallende groeden hie op de rêch achter de fin.