Harnzer garnalekotter fisket rest fan âlde Dútske seemyn op

De Harnzer garnalekotter HA-41 hat ferline wike in opmerklik objekt opfiske. Dat meldt it Bunkermuseum Wn 12H op Flylân. Yn de netten siet in flinke aluminium silinder fan 170 sintimeter lang mei in trochsneed fan 60 sintimeter. Fia Facebook frege skipper Mark Koornstra oft ien wist om watfoar objekt oft it gie.
© Dirk Bruin
It bunkermuseum op Flylân koe it objekt pleatse. It is in omhulsel fan in Dútske 'invloedsmijn' út de Twadde Wrâldoarloch: in Luftmine B of LMB.
It museum hat it omhulsel yntusken krigen fan Koornstra. It wie bewarre yn fiskôfslach fan Harns. It objekt leit no by it museum en sil skjinmakke wurde. Dêrnei krijt it in plakje yn de tentoanstelling oer seeminen.
© Simone Scheffer