Kampanje fan wetterskippen moat bewustwêzen oer wetter fergrutsje

25 okt 2020 - 10:21

Trijefjirde fan de Nederlanners fynt dat we as befolking sels mear dwaan kinne oan wetteroerlêst en wettertekoart. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de 21 wetterskippen yn Nederlân.

Heechwetter - Foto: De Vries Media

Krekt wat mear as de helte fan de minsken docht ek echt wat om wetteroerlêst om it hûs hinne te beheinen. Sa smyt 65 prosint fan de minsken doekjes en tampons yn de ôffalbak yn stee fan yn it húske en leveret gemyske middels en frituerfet apart yn.

Hast de helte fan de túnbesitters (48%) ferfangt tegels foar gers of planten om wetter better fuortrinne te litten nei in reinbui.

Swalkôffal

Hast in kwart (22%) hellet swalkôffal út wetter of by de wetterkant wei. 16 Prosint fan de minsken mei in eigen dak hat it fergriene, mei bygelyks fetplanten. En skoallen lizze ek hieltyd faker wetterfreonlike skoalpleinen oan.

Wetteroerlêst - Foto: Shutterstock.com

Fyftichplussers binne bewuster

It docht bliken dat fyftichplussers wetterbewuster gedrach fertoane as jongeren. En sa'n fjirde (23%) fan de minsken soe noch bewuster mei wetter omgean wolle. Dat jildt benammen foar de jongere minsken tusken de 18 en 35 jier. In soad minsken tinke dat we yn de takomst folle mear te krijen hawwe sille fan wetteroerlêst of drûchte (81% en 77%).

Foto: wetterskipfryslan.nl

Kampanje

De measte minsken witte ek wat de taak fan wetterskippen is. It ûndersyk waard dien fanwege de kampanje Waterbazen. Dy set dizze snein útein. Yn de kampanje litte wetterskippen sjen wat we sels allegear dwaan kinne om better mei wetter om te gean. Wetterskip Fryslân docht ek mei oan de kampanje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)