Liveblog | 25 oktober 2020

Coronanijs fan 25 oktober: 103 besmettingen yn Fryslân; tiisdei mear dúdlikheid oer oanpak

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 26 oktober 2020, 06:30
22:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan snein 25 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:
Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
19:33

Tiisdei mear dúdlikheid oer oanpak coronakrisis

It kabinet jout tiisdei mear dúdlikheid oer wat de folgjende stappen wurde yn de oanpak fan de coronakrisis. Dat is neffens de NOS dúdlik wurden nei it Catshûsoerlis snein tusken in part fan it kabinet en harren adviseurs, wêrûnder it RIVM.
Beliedsmakkers en eksperts oerleine goed twa oeren oer de mooglike senario's. Rutte en De Jonge prate tiisdei mei de parse, mar it wurdt nei alle gedachten gjin parsekonferinsje mei nije coronamaatregels. De ferwachting is dat it kabinet en it RIVM is nammentlik dat it effekt fan de hjoeddeiske coronamaatregels tiisdei noch net dúdlik is.
As it tal besmettingen en sikehûsopnamen ek kommende wikke stigen bliuwt, sil it kabinet nije maatregels nimme. Dêrby lizze neffens Rutte alle mooglike senario's op tafel.
15:17

32 mear coronapasjinten yn sikehuzen

It ôfrûne etmiel is it tal coronapasjinten yn Nederlânske sikehuzen mei 32 tanommen. Dêrmei is it totaal tal besmette minsken dat no yn in sikehûs behannele wurdt oprûn ta 2.147, meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Op de intensive cares lizze no 490 coronapasjinten, alve minder as de dei derfoar. Dat is ynklusyf twa pasjinten dy't yn Dútslân lizze. Dêrneist lizze der 419 oare pasjinten op de ic's, tolve minder as sneon.
Bûten de intensive cares, op de ferpleechôfdielingen, lizze no 1.657 coronapasjinten, 43 mear as sneon.
14:56

Rutte oerleit op Catshûs

Op it Catshûs oerleit in part fan it kabinet ûnder lieding fan premier Mark Rutte wer ynformeel mei saakkundigen, wêrûnder Jaap van Dissel fan it RIVM, oer de oanpak fan de coronakrisis. It is tiisdei twa wiken lyn dat it kabinet in strangere maatregels oankundige.
Sûnt dy tiid is it tal besmettingen yn grut tempo oprûn. Der waarden al mear as 10.000 positive testen op in dei meld. As dat besmettingssifer net nei ûnderen giet sille oanfoljende stappen nedich wêze. Dêrfoar binne alle senario's op tafel, sa seit Rutte.
Mar mooglike effekten van de nije maatregels binne neffens it kabinet pas yn de rin fan kommende wike te sjen. De premier sei freed noch dat de earste hiele dei dat de nije maatregels fan krêft wienen twa dagen nei de oankundiging wie.
It kabinet makket dizze wike de balâns op fan de resultaten fan de nije maatregels. It is noch net wis oft der tiisdeitejûn wer in parsekonferinsje fan Rutte en coronaminister Hugo de Jonge komt. Mooglik is dy in pear dagen letter.
14:44

Lanlik 10.211 nije besmettingen, sifer wol fertekene

It RIVM hat lanlik 10.211 positive coronatesten registrearre. Dit deisifer jout nei alle gedachten in fertekene byld, om't sneon in part fan de sifers ûntbruts. Dy data binne no tafoege oan rapportaazje fan snein, lei it ministearje fan Volksgezondheid, Welzijn en Sport (VWS) earder út.
It is net bekend hoefolle fan de snein rapportearre besmettingen eins by de deisifers fan sneon hearre. Troch ict-problemen by de GGD'en wiene de sifers sneon ynkompleet. It RIVM melde doe 8.669 positive testútslaggen, in getal dat in dei letter bysteld waard ta 8.664. Yn werklikheid wiene it der dus mear.
14:23

RIVM: 103 nije besmettingen yn Fryslân

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 103 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 53 minder as sneon, doe wiene it der 156. Yn Ljouwert gie it om 21 besmettingen, yn Súdwest-Fryslân 14 en yn De Fryske Marren 10.
Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel 0 nije stjergefallen meld, wol wie der ien sikehûsopname.