Omrop TIP: Nij programma oer Bûtenpleatsen; it ferhaal fan Fryske staten

25 okt 2020 - 09:00

Ferspraat oer Fryslân binne de moaiste bûtenpleatsen te finen. De nije searje 'Bûtenpleats' fan Omrop Fryslân fertelt it ferhaal fan dy Fryske staten. Op basis fan it perspektyf fan eigeners, saakkundigen, frijwilligers en oare belutsenen. Yn acht filmyske ôfleveringen wurdt de sjogger meinaam nei de skiednis, de hjoeddeiske situaasje en de takomst fan de bûtenpleatsen. De rige is fan moandei 26 oktober ôf te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Bûtenpleats binne de (histoaryske) gebouwen en it omlizzende lân fan de staten yn Fryslân yn prachtige bylden te sjen. Se wurde mei in soad leafde ûnderhâlden. It hawwen en behearen fan in bûtenpleats is hjoed-de-dei lykwols faker in lêst as in lust. It ûnderhâld is tige kostber en it behear freget nochal wat fan de eigeners. De problemen en útdagings wurde yn de rige fan ferskate kanten beljochte oan de hân fan de ferhalen fan eigeners, saakkundigen, pachters, frijwilligers en oare belutsenen.

Fan ûntsteansskiednis ta takomstperspektyf

De earste ôflevering fan Bûtenpleats giet yn op de ûntsteansskiednis fan de Fryske stinzen en staten. De searje fiert de sjogger dêrnei fia it ferhaal fan de eardere eigeners (ôflevering twa), nei de oanleine tunen en parken (ôflevering trije), en de ûnderskate stilen yn bou en ynterieur (ôflevering fjouwer).

Yn ôflevering fiif, is te sjen hokker ynfloed de eigeners fan de bûtenpleatsen hân hawwe op it Fryske lânskip, ûnder oaren troch de oanlis fan bosken. De kosten foar ûnderhâld en it sykjen nei nije boarnen fan ynkomsten steane sintraal yn ôflevering seis, en ôflevering sân lit sjen hoe wichtich ek de frijwilligers binne foar it fuortbestean fan de bûtenpleatsen.

Hoe't dat fuortbestean der yn de takomst út sjen moatte soe, stiet sintraal yn de lêste ôflevering (acht). Hoe sjogge de eigeners de takomst en hoe tinkt de folgjende generaasje oer de lusten en lêsten fan it besit fan in bûtenpleats?

Bûtenpleats is fan 26 oktober ôf alle moandeis te sjen fan 17.15 oere ôf. It programma is foar Omrop Fryslân makke troch Mrs. Moon Productions.

De searje is mei mooglik makke troch: Provinsje Fryslân, Old Burger Weeshuis, Van Teyens Fundatie, Nieuwe Stadsweeshuis, It Fryske Gea, Stichting Erfgoed en Publiek, Stichting Op Toutenburg, Stichting Staten en Stinzen, Stichting Martenastate, gemeente Hearrenfean, gemeente Opsterlân en gemeente Noardeast-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)