SC Hearrenfeantrainer Jansen: "we zijn hier heel erg blij mee"

25 okt 2020 - 07:24

SC Hearrenfean wûn sneontejûn yn eigen hûs mei 4-0 it earedifyzjeduel mei FC Emmen. It wie in wedstriid mei twa gesichten: nei in min earste healoere kantele it spul en wienen de Friezen op stoom.

Henk Veerman nei SC Hearrenfean - FC Emmen

Oanfierder Henk Veerman skoarde twa kear. De earste goal foel nei likernôch in healoere, mar Veerman wie net tefreden oer it spul fan syn team. "Ik zei tegen de jongens dat ze hoger moesten gaan staan. Er was teveel ruimte tussen mij en de middenvelders elke keer. Emmen brengt veel mensen om de bal, maar wij moeten die er gewoon afjagen. En je ziet dat we meer kansen krijgen als we dat dus ook doen."

De Feansters stean troch dizze winst no tredde yn de kompetysje. "Dat is super. Bij Ajax wisten we van tevoren dat dat lastig zou zijn, maar we deden het superslecht. Dat zat ons niet lekker en dat proberen we nu om te zetten."

Johnny Jansen nei SC Hearrenfean - FC Emmen

Trainer Johnny Jansen fûn de útslach fan 4-0 mear as terjochte. Ek hy wie net bliid mei de earste 25 minuten. "Wij deden een aantal dingen niet goed op verdedigend gebied."

Syn ploech joech net folle kânsen fuort. "Dat is een kwaliteit van ons en vanuit die omschakeling zijn we supergevaarlijk. Als we met elkaar de nul kunnen houden, is dat fantastisch. Het werd 4-0 maar het had meer kunnen zijn, maar we zijn hier heel erg blij mee."

Benjamin Nygren nei SC Hearrenfean - FC Emmen 24/10/2020

De Sweedske fuotballer Benjamin Nygren skoarde yn syn debút op it thúsfjild. Hy wie in bliid man nei ôfrin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)