Bearesterk SC Hearrenfean wint ienfâldich fan njoggental FC Emmen

24 okt 2020 - 22:53

SC Hearrenfean hat sneontejûn it earedifyzjeduel mei FC Emmen wûn. Yn it Abe Lenstra Stadion wie de thúsploech, ûnder tasjend each fan 15.000 teddybearen, mei 4-0 te sterk. Henk Veerman (twa kear), Benjamin Nygren en Rodney Kongolo makken de Fryske doelpunten.

Harkje hjirûnder nei de reaksjes fan Henk Veerman, Benjamin Nygren en Johnny Jansen:

De Drinten hiene yn de iepeningsfaze it bêste fan it spul, mar ta grutte kânsen kaam dat net. It wie yn de 24 minút Mitchell van Bergen dy't de earste skoaringskâns fan de wedstriid foar Hearrenfean krige. De oanfaller waard troch in kombinaasje mei Henk Veerman foar de keeper set, mar syn skot gie foarlâns.

Twa minuten letter waard it dochs 1-0 foar de Friezen. Henk Veerman skeat in foarset fan Benjamin Nygren troch de skonken fan de keeper. Dyselde Nygren makke trije minuten letter mei in skot fan de râne fan de sechstjin de 2-0.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de 52e minút wie de wedstriid eins al sa goed as binnen foar Hearrenfean, doe't Simon Tibbling binnen fiif minuten twa giele kaarten, en dus read, krige.

Rodney Kongolo besliste yn de 71e minút úteinlik definityf mei in prachtich doelpunt. De middenfjilder passearre de Drintske doelman mei in keunstich hakje. Net folle letter makke Henk Veerman mei syn twadde fan de jûn der 4-0 fan.

FC Emmen einige de wedstriid úteinlik mei njoggen man. Nikolai Laursen krige in reade kaart foar in hurde oertrêding op Pawel Bochniewicz.

Tredde plak

SC Hearrenfean komt troch de oerwinning mei trettjin punten út seis wedstriden op it tredde plak yn de earedifyzje. Feyenoord en Vitesse kinne de Friezen dit wykein lykwols noch wol foarby.

Benjamin Nygren nei ôfrin fan de wedstriid:

SC Hearrenfean - FC Emmen 4-0 (2-0) 26' 1-0 Henk Veerman, 29' 2-0 Benjamin Nygren, 71' 3-0 Rodney Kongolo, 74' 4-0 Henk Veerman.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke (72' Dresevic), Bochniewicz, Woudenberg; Kongolo, Batista Meier (72' Dewaele), J. Veerman (88' Hajal); Nygren, H. Veerman, Van Bergen (88' Llanez).

(Advertinsje)
(Advertinsje)