Tentoanstelling iepene oan it Saailân: "Dat is extra spannend in de coronatijd"

24 okt 2020 - 20:33

In tentoanstelling iepenje midden yn de coronatiid: it is in grutte gok. Dochs bart dat sneon op it Saailân yn Ljouwert. Efter de ruten by de fytsestalling stean ferskate bylden dy't it winkeljend publyk sjen kin. Keunstner Natasja Alers iepene foar in publyk fan acht minsken har tentoanstelling 'Seducing the Eye', dy't oant en mei 24 jannewaris 2021 rinne sil. "Het is enorm spannend in coronatijd, want ik hoop dat mensen toch een beetje kunnen genieten."

Seducing the Eye iepene

"Welkom bij de opening van de tentoonstelling", raast in man yn in kilt oer it Saailân hinne. De man hat in doedelsek om de nekke en spilet in stikje as yntroduksje by de iepening. "Echt een betekenis heeft de zak niet", laket de man. "Het is puur voor de sfeer."

Tentoanstelling

Efter it rút op it Saailân stean sân bylden fan keramyk. Ien fan dy bylden is in torso fan in man. "Ik werk veel met menselijke delen, dus ik maak een klei afdruk van lichaamsdelen en vorm dan met al die delen weer en nieuw beeld. Zo werd dat een torso."

Alers komt oarspronklik út Den Haag en wennet no yn Amsterdam. Yn gearwurking mei Galerie de Vis út Harns is der no in tentoanstelling yn Ljouwert opset. "Via hen kwam ik in contact met de Friezen en zodoende heb ik besloten om hier mijn werk te laten zien. Ik wil met mijn werk een bepaald gevoel oproepen. Ik wil iemand raken en of dat nu positief of negatief is, dat is om het even. Ik hoop gewoon dat de mensen in Leeuwarden genieten van mijn werk en even stilstaan uit hun dagelijkse roes."

Keunstner yn coronatiid

De tentoanstelling is iepenbier en dus foar elkenien te besjen. Jild fertsjinnet Alers der net mei. Dochs bart it dizze coronatiid net in protte yn de keunstwrâld. Dy leit stil om't eveneminten ferbean binne. Dochs ferfeelt Alers har net. "Het is voor mij eigenlijk het tegenovergestelde", seit de keunstner. "Ik zit alleen maar in de mijn atelier en voor de rest is er niks. Dus ik focus mij nu echt helemaal op het werk." Alers draait har nei it rút wylst se dy lêste wurden útsprekt. "Dat werk zie je hier, achter dit ruit."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de iepening

(Advertinsje)
(Advertinsje)