156 nije besmettingen en fjouwer stjergefallen yn Fryslân

24 okt 2020 - 17:12

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 156 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der fjouwer mear as freed, doe wiene it der 152. Freed waard meld dat it 155 besmettingen wiene, mar dat hat it RIVM letter oanpast nei 152. Yn Eaststellingwerf wienen der 11 besmettingen, earst waard 14 meld. Lanlik binne der 8.669 besmettings fêststeld.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Ljouwert (31). Dêrnei komt Smellingerlân mei 22 besmettingen.

Yn Fryslân binne it ôfrûne etmiel fjouwer nije stjergefallen meld. It giet om in ynwenner fan Weststellingwerf, in ynwenner fan Tytsjerksteradiel, in ynwenner fan De Fryske Marren en in ynwenner fan Waadhoeke.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)