Fytser ferwûne nei botsing mei auto yn Haskerhoarne
Oan de Haulsterweg yn Haskerhoarne binne sneontemiddei in auto en in fyts mei elkoar yn botsing kaam. De fytser is by it ûngelok ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De dyk hat in skoft ôfsletten west. De belutsen auto koe dêrnei syn reis wer ferfolgje.