Minsken yn 'e rige foar ôfheljen bier fan de taap; hanthaving slút Ton's Vulstation

No't de hoareka sletten is yn ferbân mei it coronafirus kinne kroegen, kafees en restaurants harren foarrieden net kwyt. Eigener Ton Eijer fan kafee Scooters oan it Ruterskertier yn Ljouwert betocht dêr wat op. Om fergrieming tsjin te gean, iepene hy 'Ton's Vulstation'. Minsken koene by it kafee delkomme mei in flesse of bidon en dy folje litte mei bier fan de taap.
Minsken yn 'e rige foar ôfheljen bier fan de taap; hanthaving slút Ton's Vulstation
Dat luts in soad toarstige minsken. Eijer hie it sa regele dat der maksimaal twa minsken de kear it kafee yn mochten en oaren moasten yn in rige bûten wachtsje. Doe't hanthaving dêr lucht fan krige, wie it lykwols gau dien.
De hanthaveners griepen yn, om't Eijer gjin fergunning hawwe soe foar it ôfhelje litten fan iten en drinken. De útbater lei de drankferkeap fuortendaalks stil, seit wurdfierder Akkie Feenstra fan de gemeente Ljouwert. Hy hat in warskôging krigen.
Anne Schurer fan Handhaving oer it yngripen by Ton's Vulstation