Sander Arends strânet yn heale finale fan ATP-toernoai yn Antwerpen

24 okt 2020 - 16:11

Tennisser Sander Arends hat sneontemiddei de heale finale op it ATP 250-toernoai yn Antwerpen ferlern. De Australiër John Peers (nr. 28) en de Nij-Seelanner Michael Venus (nr. 10) wiene mei 6-3 6-4 te sterk foar Arends en syn Spaanske maat Pablo Andujar (nr. 55).

Foto: Orange Pictures

It duo út Oseänië koe Arends en Andujar al yn de twadde game brekke. Op 2-4 krigen Arends en Andujar op 40-40 noch wol de kâns om werom te brekken, mar dy kâns pakten se net. De set gie fierder op service úteinlik mei 6-3 nei Peers en Venus.

Ek yn de twadde set rûnen Arends en Andujar al betiid efter de feiten oan. Se koene harren earste servicegame direkt al net hâlde. Dat ferskil kamen se net mear te boppen: 4-6.

ATP-ranking

Arends stiicht nettsjinsteande de nederlaach fjouwer plakken op de wrâldranglist, fan it 81e nei it 77e plak. Nije wike spilet Arends op it ATP250-toernoai fan Nur-Sultan yn Kazachstan. Dat docht hy tegearre mei de Nij-Seelanner Artem Sitak (nr. 76).

(Advertinsje)
(Advertinsje)