Cambuur Sjoernaal: Fjoerwurk nei offisjeuze perioadetitel

24 okt 2020 - 14:59

In offisjele titel is it noch net, mar offisjeus hat SC Cambuur de earste perioadetitel wol binnen. Troch de 3-0 oerwinning op Roda JC en it ferlies fan NAC Breda kin de earste perioade Cambuur net mear ûntgean. De Graafschap moat nammentlik mei achttjin doelpunten ferskil fan NAC winne en dat bart fansels net. De perioade smyt de Ljouwerters in ticket op foar de neikompetysje en 60.000 euro. Mear dêroer yn it nije Cambuur Sjoernaal, wêryn't we ek prate mei de Frânske middenfjilder Robin Maulun dy't syn basisplak kwytrekke is.

Besjoch hjirûnder it nije Cambuur Sjoernaal:

Cambuur Sjoernaal:

(Advertinsje)
(Advertinsje)