Eksplosiven by brân Snits wienen 'histoaryske foarwerpen', fûn troch hobbysneuper

24 okt 2020 - 13:02

By it ûntromjen fan neistlizzende apparteminten by de brân yn de flat fan Snits freedtejûn trof de plysje ûnder oare histoaryske eksplosiven oan. "Dat is potentieel gevaarlijk. De bewoner is aangehouden Hij verklaarde dat hij er hobbymatig naar zoekt met een metaaldetector. Het gaat om historische voorwerpen, die de EOD heeft meegenomen voor onderzoek", seit Tessel Horsman fan de plysje.

Eksplosiven by brân Snits wienen 'histoaryske foarwerpen', fûn troch hobbysneuper

De brân wie útbrutsen op de tredde ferdjipping fan in portykflat oan de Rijperahemstrjitte. Meardere apparteminten stiene fol mei reek.

De gefolgen fan de brân binne sneon oerdei noch goed te sjen. De portyk yn de midden fan de flat is ôfbaarnd en deromhinne is in soad reek- en wetterskea. Fan it balkon fan it appartemint, dêr't de brân wie, is de helte fuort.

De bewenners fan de ûntromme apparteminten meie werom. Dêr is ek de famylje by dy't nei it sikehûs moast dêr't se soerstof krigen ha. Se binne te bot oandien om te reagearjen. Nei omstannichheden giet it goed mei har, ek al binne se slim skrokken.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

By it ûntromjen fan de neistlizzende apparteminten trof de plysje in lytse himpkwekerij oan. "Het was een kleine kwekerij voor eigen gebruik met een handvol planten", sei Tessel Horsman fan de plysje. Oer de oarsaak fan de brân kin se noch net folle sizze. "Er is geen reden om aan te nemen dat er sprake was van brandstichting, maar dat is nog in onderzoek."

Yn deselde wenning as de himp, waarden ek de eksplosiven fûn.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie yn Snits en Tessel Horsman fan de plysje

(Advertinsje)
(Advertinsje)