Warkumer boekhannel is âldste winkel fan Fryslân en krijt predikaat 'Hofleverancier'

It hie ferline jier in grut feest wurde moatten: it 300-jierige bestean fan de Warkumer boekhannel Het Boekhuis. Mar yn plak dêrfan wurdt it nije wike in beskieden feestje mei in besite fan kommissaris fan de Kening Brok en it yn ûntfangst nimmen fan it it offisjele predikaat fan Hofleverancier. Eigener Vincent Stumpel is grutsk, mar ek wol in bytsje teloarsteld.
Warkumer boekhannel is âldste winkel fan Fryslân en krijt predikaat 'Hofleverancier'
"We hadden het predicaat al drie jaar geleden aangevraagd in de hoop dat het op tijd verleend zou kunnen worden voor het 300-jarig bestaan, maar op één op andere manier is het blijven liggen."
En dat betsjut dat it pas no sa fier is. Troch de útbraak fan corona kinne se der no mar op in beskieden wize by stil stean. Sa komt kommissaris fan de Kening Arno Brok nije wike del en binne der inkelde tsientallen gasten útnûge, mar in grut feest komt der net.
Eigener Stumpel wist eins net iens dat syn winkel al sa âld wie, doe't er trije jier ferlyn op ûndersyk út gie. "Ik wist wel dat de winkel al best lang bestond, maar zo lang dat had ik niet verwacht." Stumpel kaam derachter troch sels op syk te gean nei de histoarje op ynternet en yn it argyf by Tresoar yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Het Boekhuis sit tsjintwurdich oan it Noard yn Warkum, mar is oait in pear hûndert meter fierderop begûn yn wat no hotel-restaurant De Vergulde Leeuw is. It pân hiet yn 1719 noch it 't Vergulden Hoofd en dêr sette grûnlizzer Petrus Olingius syn boek- en papierwinkel op. En dat yn de skiednis fan de winkel net allinnich boeken ferkocht waarden, docht ek bliken út in hiel âld kasboek dat Stumpel noch yn besit hat.
"Een liter inkt voor 12 cent en 10 postzegels voor 2,5 cent." Sa stiet te lêzen yn it boek út 1902. Stumpel: "De bedragen zijn wel wat veranderd, maar de namen die je in het boek tegenkomt van de kopers zijn dezelfde namen die nu nog steeds in Workum voorkomen."
Neist boekhannel wie Olingius yn it begjin ek útjouwer fan boeken. In pear fan de boekjes dy't Olingius en syn famylje útjûn ha, hat Stumpel by tafal keapje kinnen.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De coronakrisis soarget der dus foar dat der gjin grut feest is foar de nije hôfleveransier. En ek hjir in soad oanpassingen mei rinrûtes en pleksyglês. En in útwreiding fan it assortimint mei mûlkapkes en spatskermen. Mar corona hat der ek foar soarge dat it goed giet mei de winkel. Neffens Stumpel hat it noch noait sa drok west yn de winkel.
"Heel veel mensen waren natuurlijk deze zomer naar Friesland gekomen omdat hier in de periode daarvoor relatief weinig besmettingen waren. Het was hier veilig en dat zagen we terug in de winkel. Het is eigenlijk constant druk geweest. Soms zelfs zo druk dat we mensen bij de deur moesten tegenhouden."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Eigener Vincent Stumpel