Minder drokte yn Ljouwert as oars op sneon

24 okt 2020 - 12:28

Op de Ljouwerter Wurdumerdyk kinne je sneontemiddei faak oer de hollen rinne, sa drok kin it dêr wêze. Oardel meter ôfstân hâlde wurdt dan in toer en boargemaster Sybrand Buma hat de Ljouwerters dêrom earder dizze wike oproppen om sneontemiddeis net nei de binnenstêd te kommen.

Minder drokte yn Ljouwert as oars op sneon

Ferslachjouwer Onno Falkena seach tusken de middei hoe drok oft it wie. "Ik ha gjin sneonsgefoel, mear as in troch-de-wykse-dei. Ek de keaplju op de merk fernamen dat it in stik rêstiger wie as oars op sneon. Ik sjoch wol húshâldingen op 'en paad mei trije of fjouwer minsken. En in soad minsken drage wol mûlkapkes."

Ek is in fytsferbod ynsteld op de Nijstêd en Wurdumerdyk. In hanthavener wiist minsken derop dat der net fytst wurde mei. Hanthaveners meie boetes útdiele, fan 95 euro, mar dat wie op de moarn noch net nedich. Der is in ekstra fytsestalling by de Mercuriusfontein delset, mar dêr waard net in soad gebrûk fan makke.

Healwei de middei waard it dochs wer drokker yn de stêd, benammen doe't it sintsje der by kaam. Dochs is teamlieder Anne Schurer net ûntefreden oer de gong fan saken. "Door het afsluiten van Wirdumerdyk en Nieuwestad voor fietsers was er meer ruimte voor voetgangers. We moesten wel verschillende keren mensen vragen om af te stappen, maar daar werd goed op gereageerd."

Ferslachjouwer Onno Falkena wie yn de stêd

Teamlieder Anne Schurer fan Handhaving fan de gemeente Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)