Ferwûne by keukenbrân yn Drachten

24 okt 2020 - 11:11

By in keukenbrân yn Drachten is yn de nacht fan freed op sneon de bewenner ferwûne rekke. De brânwacht waard efkes nei tolve oere oproppen foar de brân oan de Ratelwacht yn Drachten.

Foto: Sicco Riedtra fotografie

Doe't se oankamen, stie in appartemint op de earste ferdjipping fan de flat fol mei reek. Binnen die bliken dat der noch in pantsje op it fjoer stie. It wie net nedich om te blussen. Der moast wol fentilearre wurde yn it appartemint, de hal en it treppehûs.

Der wie ek in sike-auto oanwêzich. Dy hat de bewenner nei it sikehûs brocht om't dy reek binnenkrigen hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)