Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân

24 okt 2020 - 11:00

Oeral yn ús maatskippij is ferlet fan nije perspektiven. Ek op it plattelân. It âlde ferhaal fan grutskaligens liket útwurke. Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout Fryslân DOK romte oan in nij ferhaal.

Oflevering 1: Perspektyf

Oeral yn Fryslân ûntsteane ideeën en inisjativen. Fan enerzjykoöperaasjes oant pluktunen en technologyske ynnovaasjes. Tagelyk is der ek wjerstân tsjin fernijing, hielendal as dy fan bûtenôf oplein wurdt. As de libbensstyl ûnder druk set wurdt troch nije regels of troch bewegings dy't tradysjes de maat nimme, giet it plattelân foarop yn it ferset.

Ut 'Beklimmers fan it flakke lân' - Foto: Remko Smids, Karina Kroft

Misbegryp

Yn de fernijing fan it plattelân is it dus saak om goed perspektyf te kiezen. Wêr moatte de plannen wei komme, wat is de rol fan de bewenners sels, mei hokker mentaliteit? Filosoof Hans Peter Benschop tinkt dat der in grut misbegryp is tusken plattelanners oan de iene kant en wittenskippers en bestjoerders oan de oare kant. In oare opstelling nei it plattelân ta is folle fruchtberder, seit Benschop.

Hans Peter Benschop - Foto: Omrop Fryslân

'Brede wolfeart'

Op it Fries Sociaal Planburo (FSP) binne se bekend mei 'de Friese paradox': yn Fryslân leit it wolfeartsnivo leger as gemiddeld yn ús lân, mar de Friezen fiele har lokkiger. Ut dy gedachte wei wurket Marijn Molema fan it FSP oan it begryp 'brede welvaart'. Yn Fryslân soenen we better wurde moatte yn it beneamen fan ús eigen kwaliteiten en dy fierder ûntwikkelje.

Marijn Molema, FSP - Foto: Omrop Fryslân

Blije

Dat is presys wat se dogge yn Blije. Ynwenners lizze har net del by de kwalifikaasje 'krimpdoarp', mar wurkje mei ynmoed oan in sa goed mooglik libben yn it doarp. Ien fan de inisjativen is 'de terp fan de takomst', wêrmei't Blije it fizier rjochtet op it Waad en de rike kultuerhistoarje.

Harry Feenstra, betinker 'Terp fan de Takomst' - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: 'Beklimmers fan it flakke lân, diel 1: Perspektyf'


Sneon 24 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 25 oktober 13.10 oere)
Snein 25 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)