SC Hearrenfean tsjin Emmen oanmoedige troch 15.000 teddybearen

24 okt 2020 - 09:15

Yn it Abe Lenstrastadion sitte dizze sneontejûn gjin supporters om SC Hearrenfean oan te moedigjen, mar 15.000 teddybearen. Mei dizze symboalyske aksje freget Stichting Kinderen Kankervrij (KiKa) omtinken foar bern dy't kanker ha.

SC Hearrenfean tsjin Emmen oanmoedige troch 15.000 teddybearen

Omdat it fanwege de coronamaatregels net mooglik is om minsken ta te litten by de wedstriid, spilet SC Hearrenfean mei KiKa en mei genêsmiddelenbedriuw MSD op dizze ludike wize yn op de aktuele sitewaasje. Mei syn trijen kamen se op it idee om de KiKa-teddybear de haadrol te jaan. De teddybear is it symboal foar stipe en leafde foar bern yn drege tiden.

Tûzenen bearen

Frits Hirschtein, oprjochter en direkteur fan KiKa: "Tijdens de eerste maanden van de coronapandemie zijn veel kinderen met kanker onzichtbaar geweest. Omdat zorg werd uitgesteld. Helaas zitten we nu weer in die situatie. Tegelijkertijd hebben we kennisgemaakt met lege voetbalstadions. Daarom moedigen we de voetballers aan met de duizenden KiKa-beren in SC Heerenveen-shirt. En drukken we onze steun aan alle kinderen met kanker uit en laten we weten dat we ze niet vergeten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)