Coronanijs sneon 24 oktober: 156 besmettings en 4 stjergefallen; steuring by GGD

24 okt 2020 - 23:40
  • Der wiene sneon 156 coronabesmettingen yn Fryslân, fjouwer mear as freed;
  • Sifers RIVM ynkompleet troch kompjûtersteuring;
  • Oanskerpe maatregels oangeande alkohol yn hotels;
  • Minder drokte yn Ljouwerter binnenstêd;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 24 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje:

  • Der wiene sneon 156 coronabesmettingen yn Fryslân, fjouwer mear as freed;
  • It RIVM kampte mei in kompjûtersteuring, wêrtroch't de deisifers ynkompleet wiene;
  • Hotels meie nei 20.00 oere gjin alkohol mear servearje yn har bars en restaurants;
  • It wie sneon minder drok as normaal yn de Ljouwerter binnenstêd;
  • Kafee Scooters yn Ljouwert ferkocht bier, wylst se dêr gjin fergunning foar hiene;

Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

18:30
Sifers oer coronafirus RIVM ynkompleet troch ICT-probleem

It RIVM hat sneon ynkomplete coronasifers publisearre. Oarsaak wie in ict-probleem, wêrtroch't in diel fan de gegevens oer it oantal nije besmettings ûntbruts. It probleem is yntusken ferholpen, mar it is noch net dúdlik hoefolle meldings misse yn de deisifers fan sneon.

Oant no ta hat it RIVM 8.669 meldings ferwurke fan positive testútslaggen. Dat getal jout dus in fertekene byld. In wurdfierder fan it ministearje lit witte dat it de bedoeling is dat de ûntbrekkende sifers ferwurke wurde yn de sifers dy't snein nei bûten ta komme. Dan sil it oantal rapportearre nije besmettings nei alle gedachten dus in stik heger wêze.

Steuring tusken systemen

It kompjûterprobleem siet yn de systemen fan de GGD'en, dy't it testwurk útfiere en de sifers by it RIVM oanleverje, lit in wurdfierder fan GGD GHOR Nederland witte. "Het was een storing tussen twee systemen die met elkaar moeten communiceren. Daardoor ontstond een achterstand. Het RIVM kan hier niks aan doen."

Neffens de wurdfierster is it mooglik lestich om op in snein alle achterstannen yn te rinnen. "We verwachten dat het morgen helemaal is opgelost, maar het kan zijn dat er nog wat overloopt naar de maandag. Het zal in elk geval geregeld zijn voordat de weekcijfers dinsdag naar buiten komen." GGD GHOR hopet dat it probleem him net faker foardocht.

17:14
Sifers RIVM ôfrûne etmiel

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 156 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 4 mear as freed, doe wiene it der 152. Freed waard meld dat it 155 besmettingen wiene, mar dat hat it RIVM letter oanpast nei 152. Yn Eaststellingwerf wienen der 11 besmettingen, earst waard 14 meld. Lanlik binne der 8.669 besmettings fêststeld.

16:06
Yn de rige foar bier

No't de hoareka sletten is yn ferbân mei it coronafirus kinne kroegen, kafees en restaurants harren foarrieden net kwyt. Eigener Ton Eijer fan kafee Scooters oan it Ruterskertier yn Ljouwert betocht dêr wat op.

Om fergrieming tsjin te gean, iepene hy 'Ton's Vulstation'. Minsken koene by it kafee delkomme mei in flesse of bidon en dy folje litte mei bier fan de taap. Doe't hanthaving dêr lucht fan krige, wie it lykwols gau dien...

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
14:47
Lanlik 284 nije sikehûsopnamen

Sikehuzen hawwe it lêste etmiel 284 coronapasjinten opnommen. Dêrmei is it totaal tal besmette minsken dat no yn in sikehûs behannele wurdt oprûn oant 2115, meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding. Dêrfan lizze 501 op de intensive care, 29 mear as freed.

De totale besetting op de ic's is 932. De ferpleechôfdielingen hawwe yn de ôfrûne 24 oeren 13 coronapasjinten opnommen.

Yn de ôfrûne 24 oeren binne 40 minsken ferpleatst nei sikehuzen yn oare parten fan it lân, twa dêrfan nei Dútslân.

13:27
Minder drokte yn Ljouwert nei oprop fan Buma

Ferslachjouwer Onno Falkena: "Ik ha gjin sneonsgefoel, mear as in troch-de-wykse-dei. Ek de keaplju op de merk fernamen dat it it stik rêstiger wie as oars op sneon. Ik sjoch wol húshâldingen op 'en paad mei trije of fjouwer minsken. En in soad minsken drage wol mûlkapkes."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
11:05
Minder plak foar auto's op Schrans yn Ljouwert

Neist tal fan beheinende maatregels yn de Ljouwerter binnenstêd binne der ek coronamaatregels nommen op de Schrans. Der is minder parkearplak makke foar auto's.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
9:02
Gjin alkohol nei 20.00 oere yn hotels

Hotels meie nei 20.00 oere gjin alkohol mear servearje yn har bars en restaurants. Dat hat in wurdfierder freed út namme fan it kabinet meld. It kabinet lûkt hjirmei ien line mei it ferbod op de ferkeap fan alkoholyske dranken yn winkels tusken 20.00 oere jûns en 07.00 oere moarns.

9:01
Fuotballers op de tennisbaan

Tennis is hast noch de iennige sport dy't je fatsoenlyk spylje kinne yn dizze lockdown. By TC Tennislife yn Ljouwert is it mooglik om per training no oan te melden as je in oare sport dogge. As je gewoanwei oan fuotbal dogge, kinne je no nei de tennisklup.

8:00
Goeiemoarn!

Goeiemoarn, en wolkom by dit liveblog fan sneon 24 oktober oer it coronafirus yn Fryslân. It wichtichste nijs fan freed kinst hjir neilêze.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)