Fuotballers oan it tennisjen, want dat mei noch wol yn dizze coronatiid

Tennis is hast noch de iennige sport dy't je fatsoenlik spylje kinne yn dizze lockdown. By TC Tennislife yn Ljouwert is it mooglik om per training no oan te melden as je in oare sport dogge. As je gewoanwei oan fuotbal dogge, kinne je no nei de tennisklup.
Fuotballers oan it tennisjen, want dat mei noch wol yn dizze coronatiid
Op freedtejûn stean der gjin tennissers op de baan mar fuotballers. Timo en Jordy fan FVC binne twa spilers út it sneonsalvetal dy't freedtejûn oan it tennisjen binne. "We wolle graach yn beweging bliuwe." De jonges binne der bliid mei, want no ha se en beweging en se sjogge elkoar ek noch wer even.
Frank Zeer is tennislearaar by Nijlân en hat mei oare trainers it idee betocht. Hy fynt it hiel spannend dat der no fuotballers yn stee fan tennissers by him op it fjild stean. "Het zijn hele fanatieke jongens en ze hebben er volgens mij heel veel zin in. Ik ben ook benieuwd hoeveel ballen we na de training nog over hebben, maar het gaat er om dat ze met een glimlach op de baan staan. Ik denk dat het helemaal goed gaat komen met deze jongens."
Frank Zeer © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
It doel fan de lessen foar oare sporten is dat oare sporters ek yn beweging bliuwe kinne. "Zo kunnen ze elkaar blijven zien en blijven bewegen. Maar we willen ook de verenigingen steunen waarbij ze vandaan komen. Dit zijn bijvoorbeeld jongens van FVC. Wij gaan twintig procent van het lesgeld doneren aan de vereniging. Zodoende proberen we de verenigingen te helpen."
It is net de bedoeling dat elke sporter aanst op de tennisbaan stiet. "Het is echt tot de lockdown, dus tot het moment dat de jongens weer mogen sporten. Wanneer ze weer het voetbalveld op mogen."
Sporters dy't graach tennisje wolle, hoege net fan in fuotbalferiening te wêzen, it kin ek om oare sporten gean lyk as follybal.
Fuotballers oan it tennisjen by TC 't Nijlân en Tennisskoalle TennIsLife