Brânwacht sprekt fan 'twa ynsidinten' by bestriding brân yn Snits

24 okt 2020 - 08:29

Fjouwer minsken binne freedtejûn by in útslaande brân yn in flat yn Snits nei it sikehûs rekke. By it ûntromjen fan de neistlizzende wenningen trof de plysje in lytse himpplantaazje oan en binne meardere histoaryske eksplosiven oantroffen. De eksplosive-oprommingstsjinst is oproppen om it te ûndersykjen. Ien fertochte is oanholden.

Foto: CAMJO Media

Iris Middel fan de brânwacht Fryslân sprekt oer twa ynsidinten dy't los fan elkoar stean, mar wol mei elkoar te krijen hawwe. De brân wie útbrutsen op de tredde ferdjipping fan in portykflat oan de Rijperahemstrjitte. Meardere apparteminten stiene fol mei reek.

By it ûntromjen fan de wenningen neist dy fan de brân, waard in lytse himpkwekerij oantroffen. De plysje docht dêr noch fierder ûndersyk nei. Ek waarden yn dy wenning meardere histoaryske eksplosiven fûn, dy't de eigener mei in metaaldetektor opspoard hie.

Oer de oarsaak fan de brân wurdt ek noch ûndersyk dien. De fjouwer slachtoffers, de bewenner en trije minsken út ien famylje út in neistlizzend appartemint, ha reek binnenkrigen. It is net bekend hoe't it mei har giet. Neffens de wurdfierder soenen de oare bewenners wer werom wêze.

By de brân is in NL Alert ôfjûn. "Er was veel rookontwikkeling en de wind stond richting het centrum van Sneek dus daarom is de waarschuwing gedaan om ramen en deuren te sluiten", seit Iris Middel. Op de brân kaam in soad folk ôf om te sjen. Plysje rôp de minsken op om nei hûs te gean. Dy oprop waard ek fia social media dien. "Daar is gehoor aangegeven."

Om healwei achten hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle, en waard it sein 'brand meester' jûn.

Ingrid Middel fan de brânwacht

(Advertinsje)
(Advertinsje)