Kollum: "De moanne as UNESCO natuergebiet?"

24 okt 2020 - 08:23

"De moderne tiid is soms mar min by te hâlden. Ik bin aardich handich mei myn mobile telefoan en sa, mar dizze wike kaam der in stikje nijs nei bûten dêr't ik wol wat fan fyn.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Op myn telefoan stiet as eftergrûnfoto in skitterjende plaat fan de moanne. Dat rûne ding dat om de ierde hinne draait en eltse moanne fan in lytse sikkel stadich yn in rûne bol feroaret en dêrnei wer ôfnimt yn omfang. Oant it momint dat wy hjir op ierde neat mear fan him sjogge. Doe't ik lyts wie, tocht ik dat de moanne op dat stuit achter de ierde ferdwûn wie, mar yn it echt sitte wy dan mei syn allen nei de achterkant fan de moanne te sjen. De donkere kant. Hy stiet dan tusken de sinne en de ierde yn en wurdt dus oan 'ús' kant net ferljochte, fandêr dat wy him net sjen kinne.

De moanne heart by de ierde. Hy draait al miljoenen jierren syn baantsje om ús planeet hinne. No binne we mei syn allen al in moai ein op reis om fan de prachtige ierde ien grutte púnheap te meitsjen, mar sels dan hâldt de minsklike drift ta ekspânsje net op. Dizze wike kaam nei bûten dat it Finske bedriuw Nokia yn de mande mei de NASA plannen hat om in 4G netwurk op de moanne te plantsjen. Dan kinne de karkes dy't dêr rûnride mei elkoar kommunisearje.

NASA sei dat se op dizze wize in 'duurzame menselijke aanwezigheid' op de moanne kreëarje wol foar de ein fan dit desennium. 'Duurzame menselijke aanwezigheid'. No, dan witte jo en ik wol hoe't it der oer in pear tûzen jier mei de moanne hinne lizze sil. De minsk moat mei syn poaten fan de moanne ôfbliuwe. Dy grutte gekke bol moat it symboal wêze fan hoe skjin, hoe moai en hoe idyllysk in planeet wêze kin as der gjin domkoppen lykas de minsken op omdoarmje dy't der nei ferrin fan tiid in rotsoai fan meitsje.

De moanne is net fan de NASA. De moanne is net fan Nokia of fan hokker multinational dan ek. Nimmen kin in claim op de moanne lizze. De moanne is fan alle bewenners op de ierde. Dy't der muzyk oer makke ha, nei gûld ha, boeken oer skreaun ha, planetariums oer boud ha en harren ôffrege ha hoe't it dêr wêze soe. Der ha al tefolle minsken op de moanne west. De moanne moat it grutste natuergebiet fan de ierde wurde.

De kâns fan slagjen foar de moanne as natuergebiet is tige grut. En dat hat mar ien reden. De moanne is te fier fuort foar de minsken om der massaal hinne te toarkjen en de boel te ferkloatsjen, stikken te rekreëarjen, leech te sûgjen en kearnbommen op út te probearjen. De moanne is fan ús allegearre, as ynspiraasje, as freon op ôfstân. Litte we der mei de bewenners fan de ierde foar soargje dat nimmen mei syn poaten oan de moanne komt, we ha mei syn allen al fierstente folle stikken makke.

Ik bin der allinnich hiel bang foar dat it al te let is. De fretsucht fan in pear ynfloedrike minsken rjochtet him op it folgjende slachtoffer en we binne mei al dy miljarden oare ierdbewenners net yn steat om dat proses te kearen. Lokkich ha ik de foto op myn telefoan noch. Kin de UNESCO de moanne net adoptearje?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)