Cambuurtrainer Henk de Jong nei winst op Roda JC: "we ha goeie saken dien"

Yn eigen hûs wûn SC Cambuur freedtejûn mei 3-0 fan Roda JC. Supporters fierden - al ûnder de wedstriid - dat Cambuur mei dizze útslach de perioadetitel hast net mear ûntgean kin. Trainer Henk de Jong fielt him noch net perioadekampioen, "mar we ha goeie saken dien."
Cambuur Henk
Trainer Henk de Jong: "Ik fûn Roda in uitstekende ploech, in lestige tsjinstanner ek yn de wize fan spyljen, dus we moasten fluch skeakelje. We makken de goals út drukmominten, moai dat dat gebeurt." Dêr is yn it foar ek bot op oefene.

Kompliminten foar de supporters

De Jong is der wol wis fan dat Cambuur de perioadetitel pakt, mar it moat noch wol barre. "Kinst net wat fiere wat noch gjin feit is." Hy is te sprekken oer it gedrach fan de supporters. "Se stienen moai útinoar en binne dêrnei ek wer nei hûs gien. Dat is ek belangryk foar de jonges, dat we wat prestearje en dat dat fierd wurdt." It team is ek nei de supporters gien. "Even dach sizze en dan kin elk wer moai nei hûs."

Grutsk

De Jong tinkt alwer oan tiisdei, wat der dan bart en dat se woansdei sels wer spylje moatte. "Fan de 9 spile wedstriden ha we mar 5 punten ferlern. We winne ek fan goeie tsjinstanners. Dêr bin ik wol grutsk op. As je sportman binne, wolle je prizen pakke, dus ek dizze titel, mar we gean fansels foar de priis oan de ein fan it seizoen."
Oanfierder Erik Schouten moast blessearre fan it fjild ôf. "Hy hat lêst fan it kût, koe wol traine, mar hy ferstapte him en doe skeat it der wer yn."
Mitchel Paulissen
Mitchel Paulissen komt fan Kerkrade, hoe wie dizze wedstriid foar him? "Ik wilde deze wedstrijd heel graag winnen. Ik ben er blij mee dat dat gelukt is. De timing was ook belangrijk voor ons. Jammer dat de Graafschap nog in de laatste minuut scoort, maar op papier hebben we de periodetitel binnen. Het gaat ons om de prijs op het einde, maar dit is een lekkere opsteker. We hebben een goeie reeks neergezet."
As De Graafschap by de ynhelwedstriid tsjin NAC Breda mei 18 doelpunten ferskil wint, kin Cambuur de perioadetitel noch ûntgean.

Supporters

Paulissen hearde de supporters feestfieren. "Het is echt jammer dat ze er niet bij kunnen zijn en dat we niet samen een feestje kunnen vieren. Dat is zonde, maar het is niet anders nu. Ze zijn trots op ons en we zijn trots op hun."

Twa kear giel

Hy krige twa kear giel en moast fan it fjild ôf. "In de eerste helft maakte ik een overtreding en kreeg ik geel. Ik vond het wat overdreven, maar misschien wilde de scheidsrechter het gelijk trekken omdat er bij Roda ook wel overtredingen waren. En die tweede, ik nam de bal fout aan en wilde die nog herstellen door naar links passen. Voor mijn gevoel was ik niet met de tegenstander bezig, in mijn optiek raakte ik hem niet. Ik ben geen speler die schopt, dus het is wel zuur dat het uitgerekend in deze pot gebeurt. Ik zat in een goede flow."