'Mooglik eksplosyf' en fjoerwapen oantroffen by wenningbrân Snits

23 okt 2020 - 23:38

In brân yn in wenning yn Snits hat laat ta de fynst fan in fjoerwapen by ien fan de buorlju. De plysje hat ek in himpplantaazje oantroffen, en in 'mooglik eksplosyf'. De EOD is oproppen om dêr ûndersyk nei te dwaan.

Fjoerwapen yn Snits

Der is ien fertochte oanholden. Dat meldt de plysje. De brân ûntstie oan it begjin fan de jûn yn in portykflat. Fjouwer minsken binne dêrtroch nei it sikehûs rekke. It is net dúdlik hoe't se der krekt oan ta binne.

Plysjes troffen de himpplantaazje oan by it ûntromjen fan de omlizzende wenningen. De plysje is dwaande mei ûndersyk. Salang't dat duorret, binne de wenningen om de wenning mei de himpplantaazje net tagonklik. Bewenners wurde opfongen troch famylje of bekenden. Dat meldt in wurdfierder fan de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)