Izersterk Cambuur sa goed as perioadekampioen nei genadeleaze winst op Roda

23 okt 2020 - 22:59

De perioadetitel kin Cambuur net mear ûntgean, no't de Ljouwerters yn eigen hûs mei 3-0 wûn ha fan Roda JC. Noch foar de ein fan de wedstriid lieten supporters om it stadion hinne fan har hearre. Mei reekfakkels en fjoerwurk fierden se de útslach al.

Cambuur Kappers

Live ferslach fan de doelpunten en it fjoerwurk yn it Cambuurstadion

Op papier is der noch in mooglikheid dat Cambuur de perioadetitel net pakt. Dan moat De Graafschap in ynhelwedstriid tsjin NAC Breda mei 18 doelpunten ferskil winne.

Al nei tolve minuten wie it 1-0 foar Cambuur. It doelpunt foel nei in stekpass fan Mitchel Paulissen, dy't eins bedoeld wie foar Jamie Jacobs, mar fia in ferdigenjende skonk by Robert Mühren op de pantoffel kaam. Dy skoarde. En hy wie ek belutsen by it twadde doelpunt. Nei in ûnderskepping fan Doke Schmidt wie it Mühren dy't breed lei op Giovanni Korte, en mei in wipperke fleach de bal it net yn. Mei rêst wie it 2-0.

Foto: www.orange-pictures.nl

De spilers wiene de klaaikeamers noch net út of it wie alwer 3-0. Direkt nei it skoft skoarde Cambuur wer. It wie in kadootsje fan de besikers. Niek Vossebelt levere de bal samar yn, en Jarchinio Antonia strafte dat genadeleas ôf. Hy prikke de bal der yn, fanút in drege hoeke.

De lêste 20 minuten spile Cambuur mei 10 man. Paulissen krige syn twadde giele kaart, nei in ûnhandige botsing mei in tsjinstanner. Yn de earste helte wie er ek al tsjin in kaart oan rûn.

Oanfierder Erik Schouten hat de ein fan de wedstriid ek net helle. Healweis de earste helte foer er út mei in blessuere.

Sjoch hjirûnder nei de earste reaksjes út it Cambuurstadion.

SC Cambuur - Roda JC 3-0 (2-0) 12. Robert Mühren 1-0, 34. Giovanni Korte 2-0, 46. Jarchinio Antonia 3-0.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Mac-Intosch (86/Nieuwpoort), Schouten (22/Kramer), Schmidt Hoedemakers; Jacobs, Paulissen, Korte (68/Maulun); Muhren, Sambissa (91/Bangura), Antonia (91/Ter Heide).

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Roda JC
(Advertinsje)
(Advertinsje)