Oranjefroulju kwalifisearje har foar EK 2022 nei winst op Estlân

23 okt 2020 - 21:29

De fuotbalsters fan Oranje ha sûnder problemen kwalifikaasje ôftwongen foar it EK fan 2022. It Nederlânsk frouljusalvetal wie yn Grins mei 7-0 fiersten te sterk foar Estlân.

Foto: www.orange-pictures.nl

Al nei in kertier wie it duel eins al beslikke troch twa doelpunten fan Danielle van de Donk. Healweis de earste helte makke Jackie Groenen der 3-0 fan, en Sherida Spitse fan Snits benutte noch foar de rêst in penalty.

Nei rêst foel de produksje even stil, mar healweis de twadde helte tekene Groenen foar har twadde doelpunt: 5-0. Ferdigener Aniek Nouwen makke der mei in kopbal 6-0 fan. Katja Snoeijs bepaalde de einstân.

Trefwurden: 
fuotbal Oranje
(Advertinsje)
(Advertinsje)