Fjouwer minsken nei it sikehûs fanwege útslaande brân yn Snits

23 okt 2020 - 20:11

By in útslaande brân yn in flat yn Snits binne fjouwer minsken nei it sikehûs rekke. Dat meldt in wurdfierder fan de brânwacht. It is net dúdlik hoe't se der krekt oan ta binne. De brân wie útbrutsen op de tredde ferdjipping fan in portykflat oan de Rijperahemstrjitte.

Utslaande brân yn flat Snits

Meardere apparteminten stiene hielendal fol mei reek. Neffens in tsjûge binne der fiif minsken en húsdieren troch omstanners en plysjes mei ljedders út de apparteminten rêden. De brânwacht meldt dat ien fan dy fiif minsken de bewenner is fan it appartemint dat yn de brân flein wie. Behalve de bewenner wiene dêr gjin oaren yn it appartemint.

Om healwei achten hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle, en waard it sein 'brand meester' jûn.

De brânwacht hat yn Snits in NL-Alert ôfjûn om minsken te warskôgjen foar de reekûntwikkeling.

Foto: Omrop Fryslân

De brânwacht hie opskaald nei 'GRIP1'. Dêrtroch kinne de helptsjinsten de helpferliening ûnderling makliker ôfstimme, seit de wurdfierder fan de brânwacht. In traumahelikopter soe ek oproppen wêze.

Trefwurden: 
brân Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)