Plysje: Filmjen fan ûngelokken moat strafber wurde, "dit gedrag is ergerlijk"

De plysje yn Ljouwert hat flinke argewaasje fan automobilisten dy't ûngelokken filmje. It gedrach skokt de plysjes dy't dwaande mei it ôfhanneljen fan sa'n ûngelok, benammen as der slachtoffers binne. "Ik fyn dat ergerlik," seit plysjeman Oeble Bouma.
Boetes foar filmjen ûngelok
Dizze wike krigen seis automobilisten in boete, omdat bylden makken fan in deadlike ûngelok op de N31, by Ljouwert. In man út Beestersweach wie by dat ûngelok om it libben kaam. Syn auto lei yn de sleat. De boetes koene útdield wurde, omdat de minsken dy't filmkes makken ûnder it riden de telefoan fêst hiene. Dat sjocht de plysje yn de takomst leaver oars.
"Der is in wetfoarstel yntsjinne yn de Twadde Keamer foar strangere straffen, dat stypje wy allinnich mar", seit Bouma. CDA, PvdA en GroenLinks wolle dat der swiere straffen komme foar minsken dy't slachtoffers fan ûngelokken filmjen. Se tinke oan in jildboete fan 21.000 euro of in selstraf.
De plysje tinkt net dat de minsken dy't filmkes makken bewust in deadlik slachtoffer filmje woene.

Boete foar fideo-sjoernalist

Ien fan de minsken dy't in boete krige, wie in fideo-sjoernalist. Syn kollega, ynsidinte-ferslachjouwer Jaring Rispens, nimt it foar him op. "Hy krige de boete om't er mei syn auto stilstie yn in pechhaven. Dêr soe er de helpferpliening yn it paad sitten ha."
Fideo-sjoernalisten meie mear as samar in bestjoerder dy't foarby in ûngelok komt. Sa hawwe se in werkenber parse-heske oan, en moatte se in spesjale plysje-parsekaart by har hawwe.
"Hy wie krekt yn petear mei de helpferlieners om in goed plak te finen," seit Rispens. Dochs krige er in boete. "Ik fyn dat soarchlik. Wy moatte minsken ynformearje kinne oer in ynsidint," seit Rispens. De fideo-sjoernalist soe al in kear warskôge wêze om't er de helpferliening yn it paad siet. Dêrom wie de boete terjochte, seit de plysje.