Johnny Jansen: "Verlies tegen Ajax lag niet aan het systeem"

23 okt 2020 - 18:25

Nei it romme ferlies yn de Johan Cruijff Arena (5-1), hat SC Hearrenfean wat goed te meitsjen. Mei in sa goed as fitte seleksje wurket Johnny Jansen ta nei de konfrontaasje mei FC Emmen. Mar sûnt de promoasje fan Emmen, yn 2018, is Hearrenfean der nea yn slagge om fan de ploech út Drinte te winnen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Der is dizze wike by Hearrenfean lang praat oer de keazen taktyk tsjin Ajax. Yn de Johan Cruijff Arena hie Jansen mei Ibrahim Dresevic in fiifde ferdediger delset. It plan mislearre oan alle kanten, benammen omdat Hearrenfean de Ajax-spilers fierstentefolle romte joech.

Neffens Jansen leit it 5-1 ferlies dan ek net oan de keazen taktyk, mar folle mear oan de útfiering. "Uit de beelden kwam nadrukkelijk naar voren dat het gaat om intensiteit, agressiviteit in de duels, het doordekken en het vooruit verdedigen. Daarin zijn we grotendeels tekort geschoten", seit Jansen.

Sjoch hjirûnder nei de analyze fan Johnny Jansen yn oanrin nei it duel tsjin Emmen.

Training HEEEMM Johnny Jansen

Tsjin FC Emmen sil Jansen weromgripe op it fertroude 4-3-3-systeem. Ibrahim Dresevic ferdwynt út de basis. Syn ferfanger is fleugeloanfaller Benjamin Nygren. De Sweed makke tsjin Ajax syn earste spylminuten en makket tsjin Emmen syn basisdebút as rjochtsbûten.

"Benjamin maakt een hele goede indruk, maar bovenal kan hij heel erg goed voetballen", seit Jansen. "Hij speelt het liefst vanaf rechts en Mitchell (Van Bergen) kan op beide kanten uit de voeten."

Emmen heeft een goed idee van voetballen met een herkenbare speelstijl

Johnny Jansen

"We gaan ons oude spel spelen, en we gaan winnen", seit Mitchell van Bergen. "Ik heb er alle vertrouwen in dat we Emmen gaan verslaan. Al is het wel een moeilijke tegenstander."

"En als we er voetballend niet onderuit komen, hebben we altijd een 'escape' naar Henk (Veerman) , we hebben de goede pass fan Joey (Veerman) en een paar jongens die goed tussen de linies kunnen voetballen."

Mitchell van Bergen HEEEMM

Emmen hat dit seizoen noch net ien wedstriid wûn. De ploech ferlear de earste twa wedstriden, fan VVV-Venlo (3-5) en PSV (2-1). Dêrnei waard der trije kear lykspile, tsjin Willem II, FC Twente en Fortuna Sittard. Tsjin Hearrenfean mist trainer Dick Lukkien in pear basisspilers. Sa binne ûnder oaren de beide oanfallende middenfjilders Anco Jansen en Marko Kolar net fan de partij.

"Emmen heeft gewoon een goede ploeg", seit Johnny Jansen. "Ze hebben een heel herkenbare stijl van voetballen met veel beweging en dynamiek. En waar het bij ons tegen Ajax aan ontbrak, daar zullen we nu uit een ander vaatje moeten tappen. Dan nog is Emmen een lastige tegenstander."

De wedstriid SC Hearrenfean - FC Emmen is sneontejûn fan 21:00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân Radio. It kommentaar is yn hannen fan Roelof de Vries.

Ferwachte opstelling SC Hearrenfean: Mulder, Floranus, Van Hecke, Bosniewicz, Woudenberg, Kongolo, J. Veerman, Batista Meier, Nygren, H. Veerman en Van Bergen.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean FC Emmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)