Ofskalen reguliere soarch: Tjongerskâns docht helte minder planbere operaasjes

23 okt 2020 - 17:45

Fan moandei ôf oan giet likernôch 50 prosint fan de planbere operaasjes fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean net troch yn ferbân mei it ôfskalen fan de reguliere soarch. Dat seit krisismanager Jacqueline Wijnveen fan it sikehûs.

Foto: Dennis Stoelwinder

Tongersdei makke it ROAZ (Regionaal Overleg Acute Zorgketen) bekend dat de reguliere soarch yn de noardlike sikehûzen fierder ôfskaald wurdt. Sa'n 30 prosint fan de plande soarch giet net mear troch. Mar wat betsjut dit foar in sikehûs?

Reguliere soarch

Wijnveen jout oan dat de totale soarch net foar 50 prosint ôfskaald wurdt, want der binne noch wol spoedoperaasjes en datsoarte saken. De totale reguliere soarch dy't it Tjongerskâns fan moandei ôf oan leverje kin, is likernôch 60 oant 65 prosint fan wat se normaal kinne.

Intensive care

Op dit stuit binne der ek in soad feroarings op de intensive care fan it sikehûs. Dan giet it foaral om de ferdieling fan de reguliere en de coronabêden. Yn totaal hat it sikehûs acht bêden op de IC stean. Ferline wike wie de helte dêrfan beskikber foar minsken mei corona. No wurdt fan takom moandei ôf trijekwart fan dy bêden (6 fan de 8) beskikber makke foar coronapasjinten.

Leard fan earste weach

It krisismanagementteam fan it sikehûs hat wol leard fan de earste coronaweach, fertelt Wijnveen. "De vorige keer hebben we de reguliere zorg heel snel en groot afgeschaald. Dat willen we niet weer zo. Dus we doen het nu meer gecontroleerd, zodat we zo lang mogelijk de reguliere zorg door kunnen laten gaan. We zoeken steeds weer naar hoe we dat zo optimaal mogelijk kunnen doen."

Ek jout Wijnveen oan dat se yn de earste weach oerfallen waarden. Dat is no net it gefal. "Bij de eerste golf hadden we geen draaiboek, dat hebben we nu wel. Wij hebben fases waar we naar kijken."

Meiwurkers

Net allinnich foar pasjinten, mar ek foar meiwurkers hat de ôfskaling fan de reguliere soarch gefolgen. De meiwurkers dy't gewoanwei op de operaasjekeamer stean, moatte no bygelyks op de IC wurkje. Wijnveen seit dat de roasters hieltyd wer oer de kop gean. "Het vraagt heel veel flexibiliteit van iedereen."

Jacqueline Wijnveen, krisismanager fan sikehûs Tjongerkâns

Hoe stiet it yn de oare Fryske sikehûzen?

Sikehûs Nij Smellinghe joech ôfrûne moandei oan twa fan de seis operaasjekeamers te sluten. It Antonius-sikehûs yn Snits jout oan fan takom moandei ôf oan ien fan de seis operaasjekeamers ôf te skalen en it MCL slút mar twa fan de fjirtjin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)