PvdA Hearrenfean stelt skriftlike fragen oer fernielings en oerlêst

23 okt 2020 - 17:18

De Partij van de Arbeid yn de gemeente Hearrenfean hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders skriftlike fragen steld oer fernielings en oerlêst, dêr't ferskate ynwenners de ôfrûne tiid melding fan makken.

It gemeentehûs fan Hearrenfean oan de Crackstrjitte - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn it foarjier fan 2020 wie der ek al sprake fan fernielings en no't de dagen koarter wurde, begjint de oerlêst neffens de PvdA opnij. Ferskate bewenners soene har meld hawwe en ûnderfine in gefoel fan ûnfeiligens.

De fraksje wol ûnder oare witte oft it kolleezje op 'e hichte is fan de fernielings yn Hearrenfean-Noard. Dêrneist wol de fraksje witte wat der dien wurde kin sadat bewenners har feilich en heard fiele en dat de fernielings tsjingien wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)