Unithaad longôfdieling MCL: "Ik kin allinnich mar grutsk wêze op myn team"

23 okt 2020 - 16:50

De coronakrisis hat oeral yn it lân in grutte ympakt, mar de grutste striid wurdt dochs levere yn de sikehûzen. Hoe stiet it mei de meiwurkers op de longôfdieling fan it MCL? Neffens unithaad longsyktes Gerbrich de Vries meitsje har meiwurkers har bot soargen oer de oprinnende coronabesmettings, mar is de sfear binnen it team goed.

Gerbrich de Vries - Foto: Eigen foto

Wat wis is, is dat de soarchmeiwurkers hurd oan it wurk binne. Yn it team fan De Vries sels hat ek in útbraak fan it firus west. "Dat hat fansels ympakt op eltsenien", fertelt se. "It is wichtich om mei inoar te stean en der foar elkoar te wêzen. Dus dat is de sfear dy't hjir bot hearst. Ik kin der allinnich mar grutsk op wêze hoe't wy dit oanpakke."

Bining

Hoewol't it in pittige tiid is, is de sfear op de ôfdieling dus goed. Der is in soad bining yn it team, dat in protte meimakke hat. "We lústerje nei inoar en hawwe oandacht foar inoar", fertelt De Vries. "Wy steane der mei inoar en foar de pasjinten."

Set 'em op

De oprinnende oantallen coronabesmettings binne foar De Vries en har team wol eat dêr't se harren soargen oer meitsje. "It is dêrom tink ik hiel belangryk om it sinjaal nei bûten te jaan dat minsken harren mûlkapke op sette moatte en har oan de maatregels hâlde moatte, want dy binne der net foar neat."

Gerbrich de Vries, unithaad longsyktes yn it MCL

(Advertinsje)
(Advertinsje)