Suzanne Schulting: "Als het aan mij ligt, gaan we dit weekend rijden"

Suzanne Schulting baalt der behoarlik fan, seit se, dat it iepeningstoernoai fan it shorttrackseizoen net troch giet. Se is yn de foarm fan har libben, seit se. "Als je kijkt naar de rondetijden, dan ben ik nog nooit zo snel geweest. En dat is al een paar weken zo. Ik wil kijken of ik de trainingstijdne kan vertalen naar goeie wedstrijden. Het is jammer dat dat nu niet kan."
Sjoch hjir nei de reaksje fan Suzanne Schulting.
Suzanne Schulting: "Als het aan mij ligt, gaan we dit weekend rijden"
Op it lêste momint waard bekend dat it toernoai net trochgean soe. Midden yn de nacht makke it reedrydbûn KNSB it bekend. "Het was een optelsom van factoren", seit Carl Mureau fan it bûn. "Er waren al veel concurrenten weggevallen. De Duitsers en de Italianen kwamen al niet. Toen viel Polen ook nog uit. En je eigen team is al uitgedund... Daarom hebben we besloten het niet te doen."
Wat ek meispilet yn de beslissing is it groeiende oantal besmettings yn Nederlân, lit de KNSB witte. Mooglik komt der letter dit seizoen noch in alternatyf toernoai. Earder liet Sjinkie Knegt him al kritysk út oer it toernoai. Hy neamde it ûnferantwurde.