Fjouwer jier sel foar Ljouwerter (40) om seksueel misbrûk minderjierrigen

In 40-jierrige man fan Ljouwert is freed feroardiele ta fjouwer jier sel en tbs ûnder betingst, om't er jierrenlang syn minderjierrige pleechsuskes en it 3-jierrige dochterke fan ien fan harren seksueel misbrûkt hat. Dêrneist hie er in grutte hoemannichte berneporno yn syn besit. De straf is lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man hat him neffens de rjochtbank skuldich makke oan "ernstige zedendelicten", dêr't de slachtoffers oant hjoed-de-dei ûnder lije. De man hat jierrenlang syn twa pleechsuskes misbrûkt. Letter die hy itselde by de 3-jierrige dochter fan ien fan de suskes. Hy gie dêrby neffens de rjochtbank "zeer berekenend te werk".
Hy hie in enoarme hoemannichte berneporno yn syn besit: mear as 700.000 ôfbyldings en goed 3.500 fideo's. Ek hat hy sels berneporno makke en ferspraat.

Behanneling

De rjochtbank lei in ôfbeakene pakket oan betingsten op. De Ljouwerter moat him behannelje litte yn in forinsysk-psychiatryske klinyk. Nei dy opname folget in ambulante behanneling en ferplichte dielname oan begelaat wenjen.
Hy mei gjin alkohol en drugs brûke en moat him dêrop ek kontrolearje litte. Hy mei gjin kontakt opnimme mei de slachtoffers en mei oare fertochten fan wa't de namme yn de saak opdûkt binne.

Minderjierrigen mije

De Ljouwerter moat him ûnthâlde fan seksueel tinte kontakten mei minderjierrigen, ek online, en hy moat lokaasjes dêr't minderjierrigen har tahâlde, mije. Hy mei gjin berneporno hawwe en moat syn kompjûters en oare gegevensdragers kontrolearje litte. Ek syn ynternetgebrûk en sosjaal-mediaferkear wurde yn 'e gaten hâlde wurde.
De rjochtbank rekkene yn it foardiel fan de fertochte dat hy bekend hat en "een open proceshouding" hie.

Fersteuring

Saakkundigen konstatearren in fersteuring yn de foarm fan pedofily yn kombinaasje mei borderline en in beheind ûntwikkele gewissefunskje. Troch in gebrek oan empaty fielt de Ljouwerter net wat hy oanrjochte hat. As gefolch fan de fersteurings is hy fermindere tarekkenber.
De rjochtbank bepaalde dat hy oan de trije slachtoffers goed 40.000 euro skeafergoedings betelje moat.