Wurkstraf en rydûntsizzing foar Eanjumer dy't mei medisinen op ried

23 okt 2020 - 15:44

In 65-jierrige Eanjumer dy't begjin maaie mei ferskillende soarten medisinen achter de kiezzen yn 'e auto stapt wie, is feroardiele ta in wurkstraf fan 50 oeren en in rydûntsizzing fan 12 moannen, wêrfan 9 ûnder betingst.

Foto: Shutterstock

De plysje sette de man by Mitselwier oan de kant. Ut in bloedtest die bliken dat de Eanjumer tefolle stoffen yn syn bloed hie dy't de rydfeardigens beynfloedzje koene. De man hie de kalmearringsmiddels diazepam, temazepam en pregabaline ynnaam.

"Unwittendheid"

Dat dat hielendal net mocht, wist hy net. "It wie ûnwittendheid", sei de Eanjumer, dy't opmurk dat syn dokter him warskôgje moatten hie. De man hie ek nei de bysluters sjen kind, fûn de offisier fan justysje. Dy easke in wurkstraf fan 50 oeren en in rydûntsizzing fan seis moannen plus seis moannen ûnder betingst.

De rjochter naam dy eask foar it grutste part oer, útsein de rydûntsizzing. Dêr makke se trije moannen fan, plus njoggen moannen ûnder betingst. De man hie better witte moatten, fûn de rjochter: "In de bijsluiter staan waarschuwingen".

(Advertinsje)
(Advertinsje)