Wensoarchsintrum Ljouwert op slot fanwege 14 besmette bewenners

Fjirtjin bewenners en trije meiwurkers fan wensoarchsintrum De Hofwijck yn Ljouwert binne besmet mei it coronafirus. Op de hiele lokaasje fan de KwadrantGroep is yn alle gefallen oant nije wike freed gjin besite wolkom.
De Hofwijck © Kappers Media
Alle bewenners fan it soarchsintrum sitte yn karantêne en wurde tenei ferplege troch meiwurkers mei beskermjende klean oan. Yn totaal wenje der 93 minsken yn it wensoarchsintrum oan de Dirk Zeperweg.
Begjin dizze wike waard by in tal bewenners en meiwurkers it firus fêststeld. Dêrnei binne alle bewenners út foarsoarch test. Dêrút bliek dus dat yn totaal 14 bewenners besmet binne mei it firus.